|
|
|
Wolkom by
Toanielferiening “Nut en Genoegen, sûnt
1863, fan Tsjom |
|
Toanielferiening Nut en
Genoegen hat nijs
|
Op 17, 18 en 19 maart
spille Nut en Genoegen it stik 'It siet yn'e
loft", in klucht fan M. Camoletti. Frijfeint
Paul, dy't in flat yn Parys bewennet, hat
kontakt mei de programma-ôfdieling fan it
fleanfjild dêr en hat boppedat in relaasje
mei trije stewardessen. It hjit dat er mei
elk fan harren trouwe sil mar dat is fansels
sa net. Yn it stik komt syn freon Robert by
him op besite en dy heart nuver op as Paul
him fertelt fan syn yntime relaasjes mei
trije froulju.
Dy fernuveret him der oer dat it noait in
kear misrint en de iene fan de oare weet
kriget. Mar Paul seit dat it net misrinne
kin, want by feroaringen yn 'e
tsjinstregeling wurdt er warskôge troch syn
kunde oan it fleanfjild. Dat, it liket
Robert dan ek net iens sa gek ta. Lit it no
krekt as Robert dêr útfanhûzet folslein yn
't hûndert rinne. |
 |
 |
Foto's Vrijdag
17-3-2023 |
foto's zondag
19-3-2023 |
|
|
|
|
|
(C) Dorpsbelang Tzum |